zaterdag 1 februari 2014

Soms komme je dingen tsjin, sa ek foarige wike.
Ik woe efkes in test ferzje fan Drupal 8 ynstallearje en seach dat ik ek de taal Frysk selektearje koe.
https://localize.drupal.org/translate/languages/fy

Dus as wiere frysk, dogge je dat.
No folle wie der noch net oersetten, en flaterloas is it ek net.

It ynitsjatyf is goed mar de útwurking kin folle better.

Se ferwiisden nei in side foar standertwurden
Dizze
http://itnijs.nl/2011/01/fryske-kompjutertermen-om-te-unthalden/
Mar dêr wurde je net bliid fan.
In soad Ingelske wurden, oftewol gewoan net oersetten en stik fol flaters.
Dat kin gjin goed begjin wêze foar nije oersetters.

Ik haw efkes dwaande west om flaters te ferbetterjen en twa oare siden oanrieden.
http://www.ffu-frl.eu/nije.list.komp.begripen.Cor.J.pdf
http://techbase.kde.org/Localization/fy/wurdlist
En sil ynkoarten marris kontakt sykje mij de behearder, want dy moat al myn ferbetterings fan syn flaters goedkarre, oars komme se der net yn.

Mei groetnisse

Berend