zondag 4 september 2016

Frysk op de pc en tillefoan

Der binne in soad minsken dy't wol wat help brûke kinne as se in berjocht stjoere wolle mei de telefoan.
En dan bedoel ik mei de stavering fan har tekst dy't se ferstjoere wolle.

No is it sa tal jierren lyn der in plan wie om de Fryske stavering yn de T9 te krijen, mar der ha'k nei it plan neat mear oer heard.
Mar mei de komst fan de snoadtelefoans binne de mooglikheden fergrutte en is der no in goede mooglikheid kaam om de goede stavering te brûken.

Swiftkey is it antwurd.
Swiftkey is in kaaiboerd dat de standert kaaiboerd yn de snoadtillefoan ferfangt.
En je kinne dêryn de talen oanjaan wêr jo mei wurkje wolle.
It Frysk is der sûnt in moanne ek ien fan.

Ik soe sizze delhelje dy hap

LibreOffice


It oersetten fan LibreOffice is noch steeds geande en it haadprojekt is foar 30% oerset.
It is in traach proses en ik ferwachtsje dat it proses noch wol twa jier geande is om it by de 100% te krijen.

In oar ding is, dat de Fryske Akademy no ek foar LibreOffice in staveringshifker útbrocht hat.
Dizze is te finen op


Mei freonlike groetnisse

Berend Ytsma

zaterdag 19 maart 2016

Staveringshifker foar Libreoffice

Foar de minsken dy't brûkme meitsje fan LibreOffice en dêrmei ek graach de Fryske staveringshifker mei de bywurke wurdlist fan 2015 fan de Fryske Akademy brûke wolle
dan is der no dy mooglikheid, sjoch mar ris op http://extensions.libreoffice.org/extension-center/western-frisian-spelling-dictionaries
It is wol noch yn beta tastân en ik kom sels nochal wat wurden tsjin dy't deryn misse, mar it is ek noch folslein yn ûntwikkeling.

Oersetten fan LibreOffice

Efkes in tuskenstân.
Op it stuit is 18% oersetten, en dêr komt eltse wike wer wat by.
It is wol sa dat foardat der echt Fryske ferzje te ferkrijen is, binne wy wierskynlik wol twa jier fierder.


Mei groetnisse

Berend Ytsma

vrijdag 26 februari 2016

Nijs yn oersetwrâld

Der bard altyd wol wat yn de oersetwrâld.
Hjoed sil ik twa mei jimme diele.

Google translate

De earste is dat Google translate no net allinne yn it Frysk te krijen is mar ek yn it Frysk oersette kin.
Mei help fan in soad minsken dy't soent foarich jier der mei dwaande wienen is it einlik safier.
De mooglikheid om wurden, sinnen of sels hiele siden oer te setten is in moaie oanwinst foar it Frysk.
Hjirmei kinne wy sizze, It Frysk stiet net stil, en sil dat ek nea dwaan.
Wol is it sa dat de kwaliteit noch ferbetterings brûke kin.
Op https://translate.google.com/community kinne je sinnen nei it Frysk oersette en oersettings falidearje.

It twadde wat ik diele wol, is dat der wurke wurd oan in Fryske LibreOffice
LibreOffice is in alternatyf foar Microsoft Office.
Omdat dit in grut projekt is kin dit wol twa jier of langer duorje foardat der in folsleine Fryske ferzje útkomt mar it is wichtich dat der oan wurke wurd.
Op it stuit is der 11% fan de basis oersetten, en it soe moai wêze dat yn 2017 de basis klear is.
As der minsken binne dy't helpe wolle, nim dan efkes kontakt mei my op troch hjirûnder in berjochtsje te skriuwen.

Mei Freonlike groetnis

Berend Ytsma