dinsdag 25 april 2017

Libreoffice, Vivaldi en Opera

Wy binne by Libreoffice no mear as in jier oan it oersetten en de lêste fernijing hat de triem
 LibreOffice master – UI
op in stân fan 51,7% brocht.
Libreoffice Master is de wichtichste triem dy't je earst oersette moatte.
Fan út dêr wurde de ferskillende ferzjes opboud.

Wy binne no wier oer de helte.

---

De oersettings fan Vivaldi geane goed, alles is oersetten en Vivaldi sels is drok dwaan de om it safier te krijen dat ek alles yn de sneuper oersetten is.
Der binne noch wat stikelichheden, mar wy komme der wol wer út.



---

By Opera eins allinne mar gjin goed nijs.
It Frysk ferdwynt út Opera, Opera Mini is it sels al út.
En net allinne it Frysk hat it swier mar ek it Nederlânsk.
Al liket foar it earst dat de gewoane desktopbrowser noch wol it Nederlânsk bliuwt