vrijdag 6 november 2015

Nije Fryske sneuper

Sûnt in tal dagen is der in nije Fryske sneuper op de merke.
Vivaldi is de namme.

Dizze sneuper is fanôf it begjin daliks oerset yn it Frysk, ek de webstee fan Vivaldi.com is yn ferbân mei it útbringen fan de earste beta ferzje oerset nei it Frysk.

Dizze sneuper is basearre op Chromium en dêrom sille der ek noch in stikmannich Ingelske teksten lânskomme, dit omdat fan Chromium gjin oersetting beskikber is yn it Frysk en Vivaldi de oersetting fan Chromium ek brûkt om it plaatsje kompleet te meitsen.
Chromium is wol oer te setten yn it Frysk mar omdat yn de takomst de talen lykas it no liket der út helle wurde, hat dat gjin hege prioriteit.
It is no just it doel dat Vivaldi mear en mear de eigen oersettings brûke giet.

Vivaldi is yn te laden fanôf vivaldi.com