vrijdag 6 november 2015

Nije Fryske sneuper

Sûnt in tal dagen is der in nije Fryske sneuper op de merke.
Vivaldi is de namme.

Dizze sneuper is fanôf it begjin daliks oerset yn it Frysk, ek de webstee fan Vivaldi.com is yn ferbân mei it útbringen fan de earste beta ferzje oerset nei it Frysk.

Dizze sneuper is basearre op Chromium en dêrom sille der ek noch in stikmannich Ingelske teksten lânskomme, dit omdat fan Chromium gjin oersetting beskikber is yn it Frysk en Vivaldi de oersetting fan Chromium ek brûkt om it plaatsje kompleet te meitsen.
Chromium is wol oer te setten yn it Frysk mar omdat yn de takomst de talen lykas it no liket der út helle wurde, hat dat gjin hege prioriteit.
It is no just it doel dat Vivaldi mear en mear de eigen oersettings brûke giet.

Vivaldi is yn te laden fanôf vivaldi.com


vrijdag 7 augustus 2015

Oersettingen en mear

It is lang lyn dat ik in blochberjocht dield ha yn "Frysk en sa"
Reden is dat der genôch oare dingen dwaande binne yn it libben en dat min dan net genôch tiid had om in soad dwaande te wêzen mei u.o. oersettings.

It is net sa dat der neat barde, want de oersettings by Opera Software binne gewoan trochgien.
Sa ek út en troch wat bywurkings fan oare oersettings.

Mar sûnt in moanne of twa is der in nei projekt bykaam.
Vivaldi
Vivaldi is in sneuper foar de buroblêdomjouwing krekt lykas Opera dat u.o. ek makket.
Vivaldi is frij nei en hat de âld eigenaar fan Opera Software as CEO.
Ik haw it earst wat folge om te sjen of it wat wie en ha dêrnei my oanmeld as oersetter.
Op it stuit is it sa dat it Frysk yn syn gehiel meidocht oftewol der is gjin efterstân by it oersetten, wol is it sa dat it Frysk noch net te brûken is yn Vivaldi omdat de ûntwikkelaars it noch net oan tiid hân ha om dit te regeljen.
Dat is ek net driuwend omdat Vivaldi sels noch net iens yn de beta stadium is.

Fierders hoopje ik dat it slagget om dit jier in nije staveringshifker mei de nije taallist út te bringen foar Libreoffice en sa.
Der is wol in oerienkomst sluten mar fierder liket it op it stuit stil te lizzen.
Sil der yn de hearst ris efter oan.


Earst mar in goed wykein tawinske en oant de folgjende kear.


Berend