zondag 4 september 2016

Frysk op de pc en tillefoan

Der binne in soad minsken dy't wol wat help brûke kinne as se in berjocht stjoere wolle mei de telefoan.
En dan bedoel ik mei de stavering fan har tekst dy't se ferstjoere wolle.

No is it sa tal jierren lyn der in plan wie om de Fryske stavering yn de T9 te krijen, mar der ha'k nei it plan neat mear oer heard.
Mar mei de komst fan de snoadtelefoans binne de mooglikheden fergrutte en is der no in goede mooglikheid kaam om de goede stavering te brûken.

Swiftkey is it antwurd.
Swiftkey is in kaaiboerd dat de standert kaaiboerd yn de snoadtillefoan ferfangt.
En je kinne dêryn de talen oanjaan wêr jo mei wurkje wolle.
It Frysk is der sûnt in moanne ek ien fan.

Ik soe sizze delhelje dy hap

LibreOffice


It oersetten fan LibreOffice is noch steeds geande en it haadprojekt is foar 30% oerset.
It is in traach proses en ik ferwachtsje dat it proses noch wol twa jier geande is om it by de 100% te krijen.

In oar ding is, dat de Fryske Akademy no ek foar LibreOffice in staveringshifker útbrocht hat.
Dizze is te finen op


Mei freonlike groetnisse

Berend Ytsma

Geen opmerkingen :